Boedisme
It Boedisme is in godstsjinst mei oanhingers oer de hiele wrâld. De religy is yn de 6e iuw f.Kr. stifte troch Siddharta Gautama, better bekend as de Boeda. Wichtige skaaimerken fan it boedisme binne it leauwen yn reynkarnaasje (werberte), it respekt foar alle libjene wêzens, de meditaasje, de wei nei ferljochting en de ôfwêzigens fan in persoanlike god.
It Paad fan Boeda
bewurkje seksjeNeffens it boedisme sit in minsk finzen yn in sirkel fan dea en werberte (samsara). Oan dit kommen en gean fan libbens kin allinich in ein komme troch in libben fan meditaasje, it opdwaan fan selskennis en it loslitten fan al it ierdske. Hjirtroch berikt in boedist in allegeduerigen steat fan Ferljochting (nirvana). It berikken hjirfan is it libbensdoel fan in boedist. Mar omdat it paad nei de Ferljochting in lange wei wêze kin, hawwe de measte minsken meardere libbens nedich. Soks kin as minske, mar ek as dier. Dêrom sil in boedist ek gjin libjende wêzens deadzje. Immen dy't sûnder help yn syn libben de steat fan ferljochting berikket hyt in boeda. Dè Boeda wurdt beskôge as de resintste fan in lange rige fan boedas, dy't yn it fiere ferline begûn is en oant yn de fiere takomst fierder gean sil.
Yn it paad dat in boedist folget is gjin plak foar in persoanlike god, lykas yn it kristendom. Wol binne der boedisten dy't yn it bestean fan geastlike wêzens leauwe dy't oer boppeminsklike krêften beskikke. Rûchwei wurde dizze ûnderferdield yn 'goede' en 'kweade' geasten. Guon boedisten ferearje de geasten troch it geregeld bringen fan lytse offers, soms yn de foarm fan iten, soms troch it fêsthâlden oan taboes.
Streamings
bewurkje seksjeYn it boedisme binne ferskate streamings. Hjirûnder steane de wichtichste:
- it zenboedisme,
- it mahayana boedisme of soetrayana
- it nichiren boedisme,
- it theravada boedisme oft hinayana boedisme,
- it lamaïsme ot Tibetaansk boedisme,
- it tantrayana, vajrayana of mantrayana