Batavus is in bekend Nederlânsk fytsmerk, dat yn it ferline ek bromfytsen en motorfytsen makke.

Batavus

Batavus waard oprjochte as Rijwiel- en Motorenfabriek A. Gaastra en waard letter Batavus NV Rijwiel & Motorenfabriek en Batavus Intercycle B.V., It Hearrenfean (1932-1986).

It wie in Fryske fabryk, oprjochte yn 1904 troch Andries Gaastra en syn frou Dientje. Men makke yn it earstoan wekkers en naaimasines, mar letter waarden fytsen fan it Dútske merk Presto ymportearre. De merknamme Batavus waard yn 1909 deponearre. Der waarden doe al fytsen makke.

Batavus Bilonet G50 'Super Sport', om 1960

De earste eigen motorfyts ûntstie yn 1932. It wie eins in motorisearre fyts mei dêryn in Sachs-blokje.

Yn de jierren 1930 waarden fytsen mei helpmotors fan Sachs en ILO makke. De lichte 120- en 125 cc motorfytsen hienen ek motorblokken fan dy merken.

Yn de Twadde Wrâldoarloch waarden allinnich fytsen makke en fan 1950 ôf makke Batavus allinnich noch mar fytsen en bromfytsen mei motorblokken fan Itom, ILO en Sachs. Uteinlik boude Batavus noch mar 49 cc bromfytsen mei Sachs of Tomos-blok. De bromfytsen krigen fan it begjin fan de jierren fyftich ôf allegearre de oantsjutting "Bilonet" neist de echte type-oantsjutting. In riedseleftige namme, dy't fuortkaam út "Batavus mei ILO, in NET ding".

Yn de jierren 1970 kamen der motorblokjes fan Anker-Laura.

Yn 1984 levere Batavus yn Nederlân gjin bromfytsen mear, mar se waarden wol yn Dútslân troch postoarderbedriuwen ferkocht. Batavus wiisde in gearwurkingsfoarstel fan Yamaha ôf, mar naam wol Magneet, Fongers en Germaan oer.

Yn 1986 gie Batavus fallyt en waard oernommen troch de Atag Cycle Group en letter opnommen yn de Accell Group.

In bekende brommer fan Batavus is it earste type Batavus Whippet (1966), mei in tigerprint op de buddysit en in dûbele útlit en de Batavette frouljusbrommer.

Koga-Miyata is in susterbedriuw fan Batavus. Se binne ûnderbrocht yn ien bedriuw, Accell Group. It merk Koga-Miyata wurdt brûkt foar it djoerdere segmint fan de merk.