Prins-gemaal
Prins-gemaal (mt.: prinsen-gemaal) is de aadlike titel dy't taparte wurdt oan 'e man fan in regearjend keninginne of keizerinne. Oarsom wurdt de frou fan in kening of keizer in keninginne-gemalinne of keizerinne-gemalinne neamd. Nettsjinsteande dat is bekend makke dat Camilla Parker-Bowles, de frou fan 'e Britske kroanprins Charles, nei dy syn troansbestiging fanwegen har eardere houlik en beskate gefoelige famyljerelaasjes de frijwol nea brûkte titel prinsesse-gemalinne krije sil.
De titel 'prins-gemaal' is yn it libben roppen om't in keninginne tradisjoneel beskôge waard as de gemalinne fan in kening. Om oan te tsjutten dat 'keninginne' de hegere titel fan 'e regearjende houlikspartner wie, koe dus net sprutsen wurde fan in "kening-gemaal". Sadwaande hat men dêrfoar yn 't plak de titel fan prins nommen, dy't yn dit ferbân oars oan 'e soannen fan 'e kening tahearde.
Yn 'e Nederlânske skiednis hawwe trije prinsen-gemaal bestien: Hindrik fan Meklenburch-Schwerin, de man fan keninginne Wilhelmina; Bernhard fan Lippe-Biesterfeld, de man fan keninginne Juliana; en Claus von Amsberg, de man fan keninginne Beatrix. Oare bekende prinsen-gemaal wiene of binne: Albert fan Saksen-Coburg en Gotha, de man fan 'e Britske keninginne Fiktoaria; Philip Mountbatten (better bekend as de hartoch fan Edinburgh), de man fan 'e Britske keninginne Elizabeth II; en Hindrik de Laborde de Montpezat, de man fan keninginne Margareta fan Denemark.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |