Bibliografy
In bibliografy is in titellist mei publikaasjes, tematysk (oardere op skriuwer, taalgebiet, ûnderwerp ensfh.) en ûnôfhinklik fan de oanwêzichheid fan de publikaasjes yn in bepaalde kolleksje. Dy publikaasjes yn in kolleksje wurde opnommen yn in katalogus. Bibliografyen wurde brûkt foar it sykjen fan literatuer (bygelyks boeken of tydskriftartikels) oer in ûnderwerp. Se wiist ûndersikers op publikaasjes, set har op it spoar en oriïntearret har by de ûnderwerpsferkenning.